Slach om Stalingrad
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slag om Stalingrad (17 july 1942 - 2 febrewaris 1943) is it kearpunt fan de Twadde Wrâldkriich. In folslein Dútsk leger waard oan de rivier de Wolga ferslein troch it Reade Leger fan de Sovjet-Uny. De slach wie in tebeksetter foar it Dútske leger, dat oant dan ta tocht ûnoerwinlik te wêzen.
Ferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oanfal fan it Tredde Ryk op de Sovjet-Uny op 22 juny 1941 en it tsjinoffensyf fan it Reade Leger yn de winter fan datselde jier waard foar de simmer fan 1942 in nij offensyf begûn, mei as doel de oaljefjilden op de Kaukasus te feroverjen (Operation Blau). In strategysk doel wie de stêd Stalingrad fanwege de yndustry en it skipferkear op rivier de Wolga. Boppedat wie de stêd ferneamd nei Jozef Stalin en hie dêrom in symboalyske betsjutting. Plannen om de haadstêd Moskou te feroverjen waarden fan tafel skood omdat Adolf Hitler de oaljefjilden fan de Kaukasus wichtiger fûn foar it fierdere kriichsferrin.
De Dútske generaal Friedrich Paulus hie it befel oer likernôch 200.000-250.000 man fan it Dútske Sechte Leger en dielen fan it Fjirde Pânserleger. Oan de Dútske kant tsjinnen ek noch Roemenen, Hongaren, Italjanen en Kroaten. De oanfal begûn op 28 juny 1942, it Sechte Leger kaam ein augustus by de Wolga oan. Op 23 augustus ferstoaren by in Dútske loftoanfal tûzenen sivilisten yn Stalingrad. Yn de stêd waard net om strjitten, mar om stiennen en ferdjippings en keamers fjochte.
Yn novimber slagge it de Dútsers om hast de hiele stêd te feroverjen. It Russyske 62ste leger ûnder befel fan generaal Vasili Ivanovitsj Tsjûjkov hie noch in smelle stripe lân by de Wolga en noch in lyts part fan it noarden fan de stêd. Koart dêrnei besochten de Russen mei in tsjinoffensyf (operaasje Uranus) de stêd werom te feroverjen. De Dútske Luftwaffe smiet meiïnoar likernôch in miljoen bommen, sa'n 100.000 ton swier, op de stêd. Nei it súkses fan Operaasje Uranus begûnen de Russen mei Operaasje Koltso (Russysk foar "ring"). It Reade Leger foel mei twa spearpunten it Sechte Leger fan de Dútsers oan en tagelyk teach it Reade Leger fierder nei it westen. Dêrtroch waard it Sechte Leger op 23 novimber omsingele troch it Reade Leger. De gefjochten duorren oant 2 febrewaris.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Militêr treffen yn de Twadde Wrâldkriich
- Militêr treffen yn 1942
- Militêr treffen yn 1943
- Militêr treffen fan Dútslân
- Militêr treffen fan de Sovjet-Uny
- Militêr treffen fan Hongarije
- Militêr treffen fan Itaalje
- Militêr treffen fan Kroaasje
- Militêr treffen fan Roemeenje
- Ruslân yn de Twadde Wrâldkriich
- Sovjet-Uny yn de Twadde Wrâldkriich
- Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich
- Hongarije yn de Twadde Wrâldkriich
- Itaalje yn de Twadde Wrâldkriich
- Roemeenje yn de Twadde Wrâldkriich
- Kroaasje yn de Twadde Wrâldkriich
- Wolgograd