Springe nei ynhâld

Shot (sinematografy)

Ut Wikipedy

In shot (in lienwurd út it Ingelsk) is yn 'e sinematografy in rige frames dy't net ûnderbrutsen is. Der besteane twa justjes ferskillende definysjes fan dizze term:

  1. By de produksje fan in film, fideo of tillefyzjeprogramma bestiet in shot út wat der opnommen wurdt tusken it momint dat de kamera oanset wurdt en it momint dat er ophâldt mei filmjen. Dat is sadwaande ien ûnûnderbrutsen opname.
  2. By de montaazje yn 'e postproduksje is in shot it ûnûnderbrutsen byldmateriaal tusken twa edits of cuts.

Ferskate shots efterinoar foarmje in sêne, ferskate sênes foarmje in sekwinsje (ek wol mei in Ingelsk lienwurd sequence neamd) en in stikmannich sekwinsjes foarmje de film, fideo of in ôflevering fan in tillefyzjesearje. In shot is sadwaande de lytste boustien fan in film, fideo of tillefyzjeprogramma, dy't binnen in sêne ôfwiksele wurdt mei oare shots mei in oare kamerahoeke.

De lingte fan shots kin alderraarst fariëarje. De Amerikaanske horrorfilm The Mist (2007) hat bgl. in spyldoer fan 117 minuten en omfettet 1.292 shots, wat betsjut dat de gemiddelde lingte fan in shot yn dy film 5,4 sekonden bedraacht. It Russyske histoaryske drama Russkij Kovtsjeg (2002) hat in spyldoer fan 96 minuten en bestiet út mar ien trochrinnend shot fan 5.760 sekonden. Sa'n (seldsum) tige lang shot wurdt yn 'e filmterminology in long take neamd.

Shots wurde faak yndield nei fjildgrutte, oftewol neffens de neite ta it ûnderwerp fan 'e shot:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy