Springe nei ynhâld

Noardeast-Fryslân

Ut Wikipedy
Noardeast-Fryslân

De R.J. Cleveringslûzen, tusken de Waadsee en it Lauwersmar (2007).

Wapen fan Noardeast-Fryslân
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Haadplak Dokkum
Oerflak 516,45 km²
  •  dêrfan lân 374,67 km²
  •  dêrfan wetter 140,78 km²
Ynwennertal 45.884 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 121,8 / km²
Sitferdieling gemeenteried
FNP S!N CDA CU BVNL PvdA GBNF VVD
8 7 4 4 2 2 1 1
Boargemaster Johannes Kramer (FNP)
Oprjochte 2019
oant 1851 Gemeente Dokkum
Gritenij East-Dongeradiel
Gritenij Ferwerderadiel
Gritenij Kollumerlân
Gritenij West-Dongeradiel
 Gritenij Dantumadiel (diel)
1851-1984 Gemeente Dokkum
Gem. East-Dongeradiel
Gem. Ferwerderadiel
Gem. Kollumerlân
Gem. West-Dongeradiel
Gem. Dantumadiel (diel)
1984-2019 Gem. Dongeradiel
Gem. Ferwerderadiel
Gem. Kollumerlân en Nijkrúslân
Ferkearsier(en) N355N356N357N358N361
Netnûmer(s) 0511, 0518, 0519, 0594, 058
Postkoade(s) 9170–9199, 9291–9299, 9851–9853
www.noardeast-fryslan.nl

Noardeast-Fryslân (Kollumerlânsk, Pompstersk en Nederlânsk: Noordoost-Friesland; Dokkumersk en Kollumersk: Noardoast-Frysland[1]) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Dizze gemeente ûntstie by in gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2019 út 'e eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân.[2] Op 1 jannewaris 2024 hie Noardeast-Fryslân 45.884 ynwenners (boarne: CBS).

De namme 'Noardeast-Fryslân' waard op 30 maart 2017 fêststeld troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân, nei't dêroer in referindum holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it elektoraat foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'. De gemeente hat offisjeel gjin Nederlânske namme.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân ek de gemeente Dantumadiel opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op amtlik nivo op 1 jannewaris 2017. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande bestjoerlike fúzje.[3]

Sadwaande bleau Dantumadiel ek nei 1 jannewaris 2019, doe't Noardeast-Fryslân ûntstie, selsstannich, mar sûnder eigen amtlike organisaasje. De gemeente behold in gemeenteried, in eigen kolleezje fan boargemaster en wethâlders en in eigen gemeentesekretaris, mar makke fierders gebrûk fan 'e amtners fan Noardeast-Fryslân.[4] Dat wie foar net ien fan beide gemeenten in befredigjende sitewaasje. Dantumadiel woe mear sels beslisse en Noardeast-Fryslân ûnderfûn de soarch foar Dantumadiel as in bongel oan 'e foet.[4] Yn 2020 rûn de gearwurking troch argewaasje yn Dantumadiel hast op 'e non, mar it spul waard delbêde troch foar dy gemeente binnen it amtlik apparaat fan Noardeast-Fryslân in fêst team amtners gear te stallen.[4]

Ynstee dat soks de gearwurking flot loek, smiet it nije swierrichheden op. Yn Dantumadiel befoel it dusdanich goed, dat men útwreiding fan it team hawwe woe. Yn Noardeast-Fryslân soarge it foar in wy-sy-tsjinstelling binnen de eigen amtnerij dêr't men net bliid mei wie.[4] Der waard in ûnôfhinklik ûndersyk útfierd troch Advysburo Van de Laar út Eindhoven, dat konkludearre dat Dantumadiel de eigen groeiende ambysjes nei ûnderen bystelle moat en dat Noardeast-Fryslân fleksibeler omgean moat mei de gearwurking.[4] Foar beide gemeenten wie dat in brêge te fier. Ynstee waard besletten in punt te setten efter de gearwurking: nei in twajierrige oergongsperioade hat Dantumadiel fan 1 jannewaris 2024 ôf wer in eigen amtnerij.[4]

De gemeente Noardeast-Fryslân bestiet út ien stêd (Dokkum) en 52 doarpen (offisjele wenkearnen). Dokkum is fierwei it grutste plak en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing waard it ek it haadplak en bestjoerssintrum fan Noardeast-Fryslân.

Plaknamme Buorskippen Ynwenners
Dokkum Betterwurd 12.675
Kollum It Paradyske, Kollumerâldsyl,

Leechlân, Ter Lune en Sânhuzen

5.645
Kollumersweach Hanenburch en Sânbulten 2.970
Hallum Hallumerhoeke en Fiifhuzen 2.665
Ferwert De Ryp 1.790
Holwert Kletterbuorren en Trijeboerehuzen 1.585
Marrum Westernijtsjerk 1.400
Ternaard Teyebuorren, Fiskbuorren, Fiifhuzen

en ‘t Skoar

1.255
Burdaard 1.160
Eanjum Teard, Iesumasyl, Stiem, Dykshoarne,

De Skâns en Jewier

1.155
Easternijtsjerk Bollingwier en Langgrou 945
Mitselwier De Reidswâl en Ropta 915
Ie Brânbuorren, Dykshoarne, Grut Midhuzen,

Lyts Midhuzen, Ald Terp, It Stienfek en De Tibben

860
Blije Boatebuorren, Farebuorren en Easterbeintum 855
Aldwâld De Dellen, De Wurden, Hústernoard,

Aldwâldmersyl en Ter Lune

830
Boerum De Kegen en Skernehuzen 610
Westergeast Beintemahûs, De Bûnte Hûn, Keatlingwier,

Weardebuorren en Westerbuorren

605
Sweagerbosk 585
Ingwierrum Dokkumer Nije Silen, Mûnebuorren en Nijlân 575
Muntsjesyl De Skâns, De Kolk en Krabbuorren 490
De Pomp / Kollumerpomp 435
Hantum Hantumerhoeke 400
Ljussens 375
Nes Wie 365
Nijewier Lytse Wier 365
De Trieme De Bûnte Hûn 315
Wierum ‘t Skoar 310
Moarre De Reidswâl 250
Brantgum Fjildbuorren 240
Peazens 230
Moddergat 225
Hantumhuzen Hantumerhoeke 220
Raard Boarnwerterhoeke 220
Wânswert Bartlehiem en Tergrêft 215
Warfstermûne De Kolk, De Leechte en Healwei 205
Eastrum Tilbuorren 185
Reitsum 130
Boarnwert Betterwurd, Boarnwerthuzen en

Boarnwerterhoeke

125
Ealsum Tiltsjebuorren, Sibrandahûs en Swarte Mosk 120
Feankleaster 105
Ginnum 90
Lichtaard 90
Hegebeintum 85
Lytsewâld 80
Foudgum 75
De Lytse Jouwer Lytse Leard 70
Hantumerútbuorren Hantumerhoeke 65
Jislum 65
Wetsens Lytse Wier 50
Jouswier Grut Midhuzen 45
Waaksens 45
Jannum 35

Yn Noardeast-Fryslân wurde behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) sprutsen, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, te witten: Kollumerlânsk en Pompstersk.

Op 10 septimber 2020 besleat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân op foarstel fan 'e FNP-fraksje unanym ta de ynfiering fan Frysktalige plaknammen yn 'e hiele gemeente. Foartiid wiene inkeld de offisjele plaknammen yn it âlde Ferwerderadiel Frysktalich, wylst yn it eardere Dongeradiel en Kollumerlân Nederlânsktalige plaknammen offisjeel wiene.[5]

Waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân wie it earste jier Haijo Apotheker fan D66. Begjin jannewaris 2020 is er opfolge wurden troch de eardere FNP-deputearre Johannes Kramer.

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op 21 novimber 2018 fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy en lettere ferkiezings wie sa:

partij ferkiezings 2018 [6] ferkiezings 2022 [7]
stimmen % sitten stimmen % sitten
FNP 2.633 16,0% 5 4.643 23,5% 8
S!N [8] 2.188 13,3% 4 4.299 21,8% 7
CDA 3.763 22,9% 7 2.769 14,0% 4
KristenUny 2.062 12,6% 4 2.286 11,6% 4
BVNL [9] 1.660 8,4% 2
PvdA 1.570 9,6% 3 1.436 7,3% 2
GBNF [10] 1.068 6,5% 2 1.121 5,7% 1
VVD 1.931 11,8% 3 909 4,6% 1
Actief Lokaal 321 1,6% 0
Waddenpartij 257 1,6% 0 296 1,5% 0
ELP-NEF [11] 947 5,8% 1
ûnjildich & blanko 46 0,3% 57 0,3%
totaal 16.465 29 19.797 29
opkomstpersintaazje 46,4% 54,5%

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Duijff, Pieter, Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600, s. 66, 114, 116.
  2. Noardeast-Fryslân nieuwe gemeentenaam, op de gemeentlike webside fan Kollumerlân.
  3. Kommerie, J., Inwoners Dantumadiel denken mee over nieuwe burgemeester, yn: de Dokkumer Krante, 19 april 2017.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 Fierant, Tim, Dokkum wijst Damwâld de deur, yn: de Ljouwerter Krante, 18 novimber 2021, s. 23.
  5. Fierant, Tim, Noardeast krijgt Friese plaatsnamen, yn: de Ljouwerter Krante, 11 septimber 2020, s. 24.
  6. Gemeenteraad 21 november 2018, Kiesraad
  7. Gemeenteraad 16 maart 2022, Kiesraad
  8. S!N = Sosjaal yn Noardeast-Fryslân
  9. BVNL = Belang van Nederland
  10. GBNF = Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân
  11. ELP-NEF = Earste Lokale Partij Noardeast-Fryslân

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy