Springe nei ynhâld

Feneto

Ut Wikipedy
Feneto
Veneto
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Feneesje
Oerflakte 18.354,35 km²
Befolking 4.853.176 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 264,55 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Marmolada: 3.343 m
Oantal gemeenten 560
Provinsjes Belluno, Padua, Rovigo, Feneesje, Verona, Vicenza

Feneto (Fenesiaansk: Vèneto) is in yn 1948 oprjochte regio yn Itaalje. De regio grinzget oan: Eastenryk, Friûly-Julysk Feneesje, de Golf fan Feneesje (Adriatyske See, Middellânske See), Emylje-Romanje, Lombardije en Trentino-Súd-Tiroal. De regio strekt him út fan de Karnyske Alpen yn it noarden oant en mei de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Feneto begrinze troch de Gardamar en de rivier de Minsio, yn it easten troch de Adriatyske See en de rivier de Tagliamento. De haadstêd is Feneesje.

Wat it lânskip oanbelanget is Feneto yn trije stikken te ferpartsjen:

De eastlike Dolomiten en in part fan de súdlike Karnyske Alpen hearre by Feneto. Dat gebiet komt sawat oerien mei de provinsje Belluno. Cortina d'Ampezzo is hjir it wichtichste wintersport- en simmerferbliuwplak.

Satellytfoto fan it sintrum fan Feneesje.

Yn de leechflakte lizze de grutste stêden fan de regio wêrûnder Feneetsje, Verona en Padua. Fierders is dit in wichtich lânbougebiet, dêr't in protte wyn produsearre wurdt. Besuden fan Padua en Vicenza wurdt de leechflakte ûnderbrutsen troch in lyts heuveleftich gebiet, de Monti Berici en de Colli Euganei.

It grutste part fan de kust wurdt yn beslach nommen troch de lagunes en de delta fan de rivier de Po. De regionale haadstêd Feneesje is boud op in oantal eilannen yn de grutste lagune: de Laguna Veneta. Oan it noardlikste diel fan de kust lizze in soad sânstrânen - hjir lizze ek de drokbesochte badplakken Jesolo, Bibione en Caorle.

Njonken de metropolitane stêd Feneesje telt de regio noch seis provinsjes.

Kaart Wapen Provinsje Ofkoarting Haadstêd Oantal gemeenten
Belluno
BL
Belluno 60
Padua (Padova)
PD
Padua 101
Rovigo
RO
Rovigo 50
Treviso
TV
Treviso 94
Feneesje (Venezia)
VE
Feneesje 44
Verona
VR
Verona 98
Vicenza
VI
Vicenza 113

De regio hat fan 'e 560 gemeenten sechtjin gemeenten mei mear as 30.000 ynwenners (sifers ISTAT 30 juny 2024). De haadstêden fan 'e provinsjes wurde mei fette letter wjerjûn.

Gegevens bywurke op 30 juny 2024
Posysje Wapen Gemeente Ynwennertal
Oerflak
(km²)
Oerflak
(km²)
Provinsje
metropolitane stêd
Stemma Verona 255.769 198.92 1.285.79 Verona
Stemma Feneesje 250.141 415.90 601.45 Feneesje
Stemma Padua 207.456 93.03 2.230.00 Padua
Stemma Vicenza 110.921 80.57 1.376.70 Vicenza
Stemma Treviso 85.553 55.58 1.539.28 Treviso
Stemma Rovigo 50.072 108.81 460.18 Rovigo
Stemma| Chioggia 47.440 187.91 252.46 Feneesje
Stemma Bassano del Grappa 42.401 47.06 901.00 Vicenza
- San Donà di Piave 41.980 78.88 532.20 Feneesje
10º - Schio 38.942 66.21 588.16 Vicenza
11º Stemma Mira 37.664 99.14 379.91 Feneesje
12º Stemma Belluno 35.447 147.22 240.78 Belluno
13º Stemma Conegliano 34.449 36.38 946.92 Treviso
14º Stemma Castelfranco Veneto 33.137 51.61 642.07 Treviso
15º - Villafranca di Verona 33.052 57.34 576.42 Verona
16º - Montebelluna 31.224 49.01 637.09 Treviso

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Feneto fan Wikimedia Commons.
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy