Don (Aberdeenshire)
Appearance
De Don is in rivier yn Aberdeenshire yn Skotlân. Hy ûntspringt yn it Cairngormberchtme en rint oer 131 kilometer nei it easten om by Aberdeen yn de Noardsee út te mûnjen. De Don streamt troch de plakken Alford, Kemnay, Inverurie, Kintore en Dyce. Dy sydrivier Urie mûnet by Inverurie yn de Don.
De Don is ferneamd as fiskwetter foar salm en seeforel, mar ek fanwege it lânskip en kastielen oan de rivier.
De namme komt al yn de 2e iuw foar yn it wurk fan de Aleksandryske geograaf Klaudius Ptolemaeus, as Δηοῦα (=Devena), dat 'goadinne' betsjut. De lânseigen befolking beskôge de rivier kenlik as godlik. Besuden de Don rint de Dee; dy namme betsjut ek 'goadinne'.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) The River Don Trust