Springe nei ynhâld

Fjodor Dostojevski

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 sep 2012 om 17.59 troch Xqbot (oerlis | bydragen) (r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van arz:دوستويفسكى naar arz:فيودور دوستويفسكى)
Dostojevski yn 1879
Dostojevski (lofts) en de Kazachstaanke gelearde Shokan Walikhanuli yn 1859
Ofbyld:Omsk Dostoyevskiy Monument.jpg
Stânbyld fan Dostojevski yn Omsk.

Fjodor Michajlovitsj Dostojevski (Russysk: Фёдор Михайлович Достоевский) (Moskou, 11 novimber 1821/30 oktoberSint-Petersburch, 9 febrewaris 1881/28 jannewaris) wie in Russysk romanskriuwer en publisist. Hy is ien fan de bekendste auteurs út de Russyske literatuer. Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslân rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten ûnderskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm. Dostojevski liet in mânsk oeuvre nei.

Hy waard ûnder oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov, Misdie en straf en De idioat. Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam (emfaze) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy. Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.

Bibliografy

Romans en novellen

Grêfmonumint fan Dostojevski yn Sint-Petersburch (Tichvin-hôf by it Alexander Nevski Kleaster)

Oar wurk

  • Brieven
  • Een roman in njoggen brieven
  • Menear Prochartsjin
  • De hospita
  • Polzoenkov
  • In skruten hert
  • In earlike dief
  • It krystfeest en de brulloft
  • De frou fan in oar en de man ûnder it bêd
  • Wyte nachten
  • Njetotsjka Njezvanova
  • De lytse helt
  • Omke's dream
  • In aaklike skiednis
  • Winterske opmerkings oer simmerske yndrukken
  • De krokodil


Fierder lêze

  • Dr. E Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Фёдор Михайлович Достоевский


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy