Springe nei ynhâld

Fjodor Dostojevski

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 mai 2022 om 06.33 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (RomkeHoekstra hat de side Fjodor Dostojewski omneamd ta Fjodor Dostojevski fan de trochferwizing: Namme yn de tekst wol goed transliterearre, mar yn de titel net. )
Dostojevski yn 1879
Dostojevski (lofts) en de Kazachstaanke gelearde Shokan Walikhanuli yn 1859

Fjodor Michajlovitsj Dostojevski (Russysk: Фёдор Михайлович Достоевский) (Moskou, 11 novimber 1821/30 oktoberSint-Petersburch, 9 febrewaris 1881/28 jannewaris) wie in Russysk romanskriuwer en publisist. Hy is ien fan de bekendste auteurs út de Russyske literatuer. Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslân rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten ûnderskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm. Dostojevski liet in mânsk oeuvre nei.

Hy waard ûnder oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov, Misdie en straf en De idioat. Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam (emfaze) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy. Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.

Bibliografy

Romans en novellen

Grêfmonumint fan Dostojevski yn Sint-Petersburch (Tichvin-hôf by it Aleksander Nevski-kleaster)

Oar wurk

  • Brieven
  • Een roman in njoggen brieven
  • Menear Prochartsjin
  • De hospita
  • Polzoenkov
  • In skruten hert
  • In earlike dief
  • It krystfeest en de brulloft
  • De frou fan in oar en de man ûnder it bêd
  • Wyte nachten
  • Njetotsjka Njezvanova
  • De lytse helt
  • Omke's dream
  • In aaklike skiednis
  • Winterske opmerkings oer simmerske yndrukken
  • De krokodil

Fierder lêze

  • Dr. E. Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Фёдор Михайлович Достоевский fan Wikimedia Commons.
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy