Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)
Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021) | ||
ûnderdiel fan Protesten tsjin de Amerikaanske presidintsferkeizings fan 2020 | ||
Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021 | ||
bysûnderheden | ||
type oanslach | • demonstraasje • boargerlike ûnrêst: rebûlje, fandalisme, plonderings, fernielings, oanfallen • polityk ûndermynjen: propaganda ("De Grutte Leagen"), gearspanningsteoryen, yntimidaasje, oansetten fan in opstân, it oernimmen fan de wetjouwende macht | |
doelwyt | It Amerikaanske Kapitoal | |
datum | 6 jannewaris 2021 | |
lân | Feriene Steaten | |
plak | Washington D.C. | |
dieders | ||
tal dieders | 390 arrestearre | |
wapens | piipbommen | |
motyf | • it tellen fan de stimmen fan it Kieskolleezje te fersteuren en ûndien te meitsjen • it tefoaren kommen fan de ynauguraasje fan Joe Biden | |
slachtoffers en skea | ||
deaden | 5 | |
ferwûnen | 138 aginten, ûnbekend tal bestoarmers | |
skea | $ 30 miljoen, fysike skea |
De bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal fûn plak op 6 jannewaris 2021 troch tûzenen breinroere oanhingers[1] fan de doetiidske presidint Donald Trumpov, nei't er harren dêr ta oanset hie nei in fjurrige taspraak. Hja besochten it tellen fan de stimmen fan it Kieskolleezje troch it Kongres en dus de befêstiging fan Joe Biden as presidint, nei't er Trumpov by de presidintsferkiezings op 3 novimber 2020 ferslein hie, te fersteuren en ûndien te meitsjen[2]. In mannichte bruts troch de barrikaden hinne dy't de plysje opsetten hie om it Kapitoalkompleks hinne, en bestoarmen it gebou. Tagelyk waarden alle oanwêzige Kongresleden en harren stêf evakuearre[3]. De bestoarmers giene plonderjend en fernielend troch it gebou. De rebûlje feroarsake fiif deaden en 140 ferwûnen[4].
Troch de rebûlje waard de gearkomste fan de Senaat en it Hûs fan Offurdigen fjouwer oere lang útsteld[5] en nei it kommen fan fersterking fan de feiligenstsjinsten koe de mannichte weromkrongen wurde en de gearkomste koe dêrnei fierder gean. It resultaat fan it Kieskolleezje waard yn de rin fan dy nachts bekrêftige[6].
Fiif minsken rekken dea by de rebûlje. Trije persoanen kamen om it libben om't se yn de knipe kamen troch de mannichte. Ien frommes waard troch in plysje-agint yn boarger deasketten, nei't se troch in barrikadearre doar besocht te dringen, en ien plysje-agint waard troch Trumpov-oanhingers yninoar slein, dêr't er letter oan syn ferwûnings oan ferstoar[7][8].
Ynearsten drúskjend, rôp Trumpov yn in twitterfideo, ûnder druk set, syn oanhingers op om nei hûs te gean[9]. De rebûlje late ta ynternasjonale reaksjes. In wike nei de rebûlje waard Trumpov foar de twadde kear impeacht[10].
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|